“OP SYK NEI MENZO”

17.02.2018

 

menzo vierkant groot

Jo lêze it goed: NEMO is omtovere yn ‘Menzo’ en dy is weirekke.

It hiele aquarium yn rep en roer en Menzo syn heit giet op paad om syn soan werom te finen: in hiele spannende ûndernimming! Hij komt in hiel soad fisken tsjin, belibbet fan alles ûnderweis en docht d’r alles oan om ‘syn Menzo’ werom te finenIt wurdt in kreatieve foarstelling mei een soarte fan 4-D belibbing.

Under lieding fan regisseur Lieuwe Tolsma binne in sân tal enthousiaste spilers drok dwaande mei oefenjen en it sjocht der no al prachtich út!! De spilers dit jier binne: John Boonstra, Jildau Boonstra, Hetty Feenstra, Steven Kramer, Jelle Tolsma, Johan de Schiffart, Willie Miedema.

Koartom: lit jim ferrasse en kom lâns op freed 16 maart, sneon 17 maart of sneintemiddei 18 maart.