BLOWING; Kaarten foar it feest foar elts beskiber!

29.01.2017

P1040434 (2)

Els Beumer wurd 50 jier. Dit feest wol se graach mei jim fiere. Kaarten beskiber foar sawol leden as net leden. Foar de première fan it feest binne noch in oantal kaarten beskikber. Wêz dr gau by! Dizze pakkende energyke foarstelling mei ferassende en fernijende eleminten moat je net misse. De famylje Beumer is dr klear foar en hjit jo graach in waarm wolkom!

Hâld ek de Facebook side fan it selskip yn e gaten foar in leuke “like & diel”aksje.

Noch efkes in koart oersicht fan it stik en meiwurkers;

  • It stik is skreaun troch Jeroen fan den Berg en de oersetting is fan Tryntsje van der Zee.
  • Rezjy; Romke Gabe Draaijer. Bekint u.o. fan Tryater, Fisk, de Koers en it alvestêdentocht spektakel (2016) yn de iishal Ljouwert.
  • Spilers: heit Leo, mem Els en bêrn Jurgen en Esther. (Jan van der Tol, Aukje Koopmans, Siemen Brouwer en Ruurdtje Schreiber)
  • Koarte omskriuwing: De famylje Beumer stiet op it punt om de jierdei fan mem Beumer te fieren dy’t 50 jier wurdt. Wilens falt der fan alles en noch wat út inoar. De selsmakke brunch, it hûs en it gesin. Mem Beumer besiket alle silen by te setten om it spul byinoar te hâlden en der “gewoan” in geselliche dei fan te meitsjen. Soe it slagje? Of hinget it swurd fan Damocles harren al in skoftke boppe de holle? Blowing is in grappich en wrang ferhaal oer útbrekke wollle en dysels wêze kinne.

De útfieringen binne  4, 10 en 11 febrewaris. Kaartferkeap folgje dizze link

Heiten, memmen, pakes, beppes, âldere bêrn, Arumers en net-Arumers elts is wolkom op ‘t feestje “BLOWING”!

P1040563 (2)P1040548 (3)