JOTA

De ôfkoarting JOTA stiet foar “Jongerein Op Toaniel Arum” Foar jeugd fan 12 oant `e mei 17 jier hat JOTA ferskate aktiviteiten. Sa wurde der bygelyks “theater-workshops” jûn om de jongerein kennis meitsje te litten my toanielspyljen.

De wat âldere jeugd bringt elts jier ien of meardere ienakters op `e planken. It thúshonk fan JOTA is “de Raat”, it moetingsplak foar de jeugd yn Arum. Net allinich it spyljen mar ek de tariedings en oare omballingen wurde safolle mooglik sels oppakt. Bestjoerlike stipe fynt plak troch it bestjoer fan it Frysk Selskip.

Faaks krije spilers at se de leeftiid fan JOTA foarby binne de gelegenheid om mei it Frysk Selskip mei te spyljen. Dit jout âld-JOTA spilers de kâns om foar in grutter publyk te spyljen. It Frysk Selskip is der grutsk op om sadwaande altyd wer fersekere te wêzen fan útwreiding.

Meidwaan mei JOTA
Bist do in Arumer tusken de 12 en 17 jier en liket it dy leuk om – foar of efter de skermen -  mei te dwaan mei JOTA dan kinst dit witte litte troch in mail te stjoeren nei fryskselskiparum@hotmail.com of fia it kontakfoarmulier op dizze side.

Winterskoft 2012/2013
It winterskoft 2012-2013 is de ienakter Tutte op è planken brocht yn è Raat.
Der bin twa foarstellings west. De ynakter “medysk sintrum betterskip” koe net trochgean helaas.